Temple Ewell

Temple Ewell
De Parish Hall
De Parish Hall
Polityk
Lân Ingelân
Distrikt Dover
Greefskip Kent
Sifers
Ynwennertal 1.669 (2011)
Hichte 51 m
Oar
Postkoade CT16
Tiidsône UTC+0
Simmertiid UTC+1

Temple Ewell is in civil parish en doarp yn it greefskip Kent yn Ingelân. It doarp beheart ta it distrikt Dover, en is in part fan it stedsgebiet Dover. It plak leit sa'n 5 km noardwestlik fan de stêd Dover en 105 km fan it sintrum fan Londen.

Temple Ewel leit yn de delling fan de Dour en is omjûn troch beskerme natuergebieten (National Nature Reserves). Yn it doarp steane de tsjerke fan it kerspel, in gemeentehûs en in basisskoalle. It plak hat teffens in winkel, in postkantoar, en in 18e iuwsk public house.

Tusken de doarpen Temple Ewell, Kearsney en River leit in spoarstasjon.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search